Image by The Digital Marketing Collabora

Ynformaasje oer de kemping

​Kemping Hústernoard is in minikemping en der is plak foar tinten, kempers en kampearbuskes en leit unyk  oan de Strobossertrekfeart. Dizze feart is fia oare wetterkanalen lykas de Nije Swimmer en Dokkumerdjip ferbûn mei de Lauwersmar.


​Royale kampearplakken mei elektra 
De kemping hat in natûr-útstrieling, de kampearplakken binne gering yn tal mar hawwe in royale opperflakte en binne foar in part foarsjoen fan elektra. It sanitair is netsjes en skjin. ​

By wat minder waar kinne gasten ek gesellich gebrûk meitsje fan in smûke kantine mei   fasiliteiten. 

Blokhutten en wenboat 
Der binne blokhutten en der is in prachtige wenboat wêrop sliept wurde kin. (wenboat wurdt tidelik ferbouwd)

Der kin gebrûk makke wurde fan it algemiene fjoerplak, de oanlissteiger en de oanwêzige farmiddels om een pear oerkes lekker te farren. 
  
Fanôf de kemping kinsto prachtige fiets-, kuier- motor-, auto- en faartochten meitsjen en dêrnjonken binne der ek in soad mooglikheden om te fisken. ​


Aldwâld tichteby Nasjonaal Park Lauwersmeer & Skiermuontseach

It plak Aldwâld leit op in lyts tal kilometers ôfstân fan it útgestrekte natûrgebiet Nasjonaal Park Lauwersmar en de fearboot fan Skiermuontseach is noch gjin 20 minuten riden.

Behearder Frâns Boersma 
Behearder fan dizze kemping is Frâns Boersma. As er der net is kin jo him skilje op nûmer 0653221951. 

Kemping Hústernoard

Hústernoard 4

Aldwâld

Fryslân

Kontaktpersoan

Frâns Boersma

06 - 532 219 51 

fransboersma@zonnet.nl

Website door Wisemice.nl