Ynformaasje oer de kemping
Kemping Hústernoard is in minikemping en der is plak foar tinten, kempers en kampearbuskes en leit unyk oan de Strobossertrekfeart. Dizze feart is fia oare wetterkanalen lykas de Nije Swimmer en Dokkumerdjip ferbûn mei de Lauwersmar.
Royale kampearplakken mei elektra
De kemping hat in natûr-útstrieling, de kampearplakken binne gering yn tal mar hawwe in royale opperflakte en binne foar in part foarsjoen fan elektra. It sanitair is netsjes en skjin.
By wat minder waar kinne gasten ek gesellich gebrûk meitsje fan in smûke kantine mei fasiliteiten.
Blokhutten en wenboat
Der binne blokhutten en der is in prachtige wenboat wêrop sliept wurde kin. (wenboat wurdt tidelik ferbouwd)
Der kin gebrûk makke wurde fan it algemiene fjoerplak, de oanlissteiger en de oanwêzige farmiddels om een pear oerkes lekker te farren.
Fanôf de kemping kinsto prachtige fiets-, kuier- motor-, auto- en faartochten meitsjen en dêrnjonken binne der ek in soad mooglikheden om te fisken.
Aldwâld tichteby Nasjonaal Park Lauwersmeer & Skiermuontseach
It plak Aldwâld leit op in lyts tal kilometers ôfstân fan it útgestrekte natûrgebiet Nasjonaal Park Lauwersmar en de fearboot fan Skiermuontseach is noch gjin 20 minuten riden.
Behearder Frâns Boersma
Behearder fan dizze kemping is Frâns Boersma. As er der net is kin jo him skilje op nûmer 0653221951.